64ste Lytse PC, keatserij mei in ferhaal
Dielname meager Oer de dielname kinne we lang en breed prate, dy wie meager. Mei 14 partoer op ‘e list wie dat in histoarysk djiptepunt foar in keatsklassiker dy’t elke earsteklasser graach winne wol. De oarsaken fan dy geringe dielname binne in gearhing fan meardere faktoaren. Twa aspekten dy’t Jacob Klaver net yn ‘e hân hie, spilen dêrby in wichtige rol. As earste de flaters dy’t makke wienen op it Bûnsburo by de oanmelding. Oant moandei te moarn alve oere koenen de keatsers har net op de normale wize oanjaan. Der wienen problemen mei de digitale oanjefte. Letter is de oanmelding noch wol mei in dei ferlinge, mar ‘het kwaad was al geschied’. In oare faktor is DE RANKING. Keatsers dy’t mei in fest partoer meidraaie yn de syklus kinne net samar mei oaren stelle. Sa koe Bauke Triemstra net meidwaan om’t hy mei syn partoer te folle rankingpunten hie, mar in dei letter mocht hy ek net meidwaan yn Marsum om’t er persoanlik te min rankingpunten hie. In topkeatser dy’t troch de regeljouwing net keatse mei. En sa wienen der mear. Lottingsflater Boppedat hie de lottingsploech ek noch oer de holle sjoen dat Patrick Scheepstra en Tjibbe Hansma skorst wienen. Mar se wienen wol mei lotte en stienen ek op ‘e list. Mar troch yngripen fan de TC oan it begjin fan de dei ha se net mei keatst. Foar Patrick Scheepstra keatste Ren?? Anema en dat sil him noch wol efkes heuge. René hat oanjûn om net mear elk wykein te keatsen en it wat rêstiger oan te dwaan. Mar hy makke wol prachtich gebrûk fan in sa stadich oan nije tradysje dat stoppende keatsers mei de krâns út Mantgum fertrekke. René waard nei ôfrin tasprutsen troch Thomas van Zuiden dêr’t hy yn 2012 de PC mei wûn, de wichtichste priis út syn keatskarriêre. Keatserij Waard der ek noch keatst? Jawis, de 14 partoer makken der ûnder inoar wol in moaie keatserij fan. Jan Schurer, de kening fan 2013, rekke der al yn de earste omloop ôf. Ek it sterke partoer fan Jelte Pieter Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Sjoerd de Jong, dit jier noch 2e op de grutte PC, koe al nei ien partij ûnder de dûs. Spannendste partij fan de dei wie sûnder mis de heale finale tusken Chris en Jacob Wassenaar mei Pieter van der Schoot tsjin Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en René Anema. De bruorren Van der Schoot wienen no elkoars tsjinstanner en it wie foaral Pieter van der Schoot dy’t belies jaan moast. Chris Wassenaar naam noch wol syn plak oer yn it perk mar om’t ek de foarminst opslach fan Pieter net rûn, wie dêrmei de angel út syn partoer. Dêr stie tsjinoer dat foaral de opslach fan Menno van Zwieten wol goed rûn en hy wist it net mislike perk fan de bruorren Wassenaar ûnder de tomme te hâlden. Partoer Van Zwieten soe dan ek winne mei 5-4 en 6-0. De finale tusken it partoer Van Zwieten en it trio Elgar Boersma, Haye Jan Nicolai en Roel Hoekstra wie iensidich. Trio Van Zwieten naam al gau in foarsprong en hja kamen einliks nea yn ‘e problemen. It ein kaam op 5-2 en 6-0. Menno van Zwieten waard útroppen ta kening, mar ek Kees van der Schoot hie dizze titel net misstean.
Geplaatst op 20 September 2014